‘t Bosk 41, 8731 BK Wommels   0515-331566 / info@itdielshus.nl

Theaterfoarstelling Feteranen

De theaterfoarstelling Feteranen komt nei Partysintrum It Dielshûs yn Wommels op woansdei 6 maaie en tongersdei 7 maaie 2015, beide jûnen om 20.00 oere.

Twa âlde feteranen ha altyd fochten foar de frijheid fan Fryslân. Tsjin wat of wa’t dy ek mar bedrige. En as it moat dogge sy dat sa wer! De ien wol noch altyd net foar de oar ûnderdwaan. Mei unifoarmen fol medaljes binne sy betinking nei betinking presint. Hoe lang noch? De twa Fryske aktearkanonnen Freark Smink en Joop Wittermans spylje de beide feteranen yn dizze foarstelling dêr’t hilariteit en brekberheid, en herkenberheid en oerdriuwing elkoar ôfwikselje. Bouke Oldenhof skriuwt de tekst, Jos Thie nimt de regy op him.

At der mear ynformaasje is oer de foarferkeap, sille wy dat hjir melde.

Categories: Nieuws