Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Pier 21 | Wat spilet

20 november 20:00 - 23:00

It Fryske teäterselskip Pier21 bringt in yndrukwekkende foarstelling oer famylje, geheimen en hoe’t âlde pine ûnbewust trochwurket yn it no.

By in besletten repetysje treffe we in jonge regisseuse en in ferneamd aktrise. Wat begjint as in profesjonele wurksesje, feroaret wannear’t de aktrise fêstrint yn har Fryske memmetaal. Foar har is dy taal sterk ferbûn mei de pine út har jeugd. In ferburgen famyljeferhaal komt stadichoan nei boppen.

Yn dizze tragikomyske foarstelling bringe Anna Raadsveld en Merel Staalstra mei humor, skerpte en kwetsberheid twa froulju ta libben dy’t hieltyd tichter by in dielde skiednis komme. Mei in tekst fan Roos Bottinga en rezjy troch Mara van Vlijmen makket Pier21 in foarstelling oer wat famyljes trochjouwe sûnder wurden. Oer wat wy meinimme út ús jeugd. En oer de fraach hoefolle fan dat ferline noch altyd yn ús trochwurket.

Kaartferkeap fia: https://watspilet-20112026.shop.ticketpoint.nl/selection

Gegevens

  • Datum: 20 november
  • Tijd:
    20:00 - 23:00